Heerenveen Lokaal wol mei eigen namme op stimformulier

It gemeentehûs fan de gemeente Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De partij Heerenveen Lokaal hat de Ried fan Steat frege in beslissing fan it sintraal stimburo werom te draaien. Dat buro wol de partij net ûnder de namme Heerenveen Lokaal foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart registrearje, omdat de partij in dei te let wie mei it ynleverjen fan in wichtich stik.
Dêrtroch kin Heerenveen Lokaal allinne mei in blanko list, dus sûnder namme, meidwaan. Neffens partijfoarsitter Danny Micola hie in amtner sein dat it gjin probleem wêze soe dat it stik in dei letter binnenkomme soe. De Ried fan Steat docht moandei útspraak.