Bern leare reedriden efter spesjale stoel mei stim fan Sven

18 jan 2018 - 17:07

Reedriden leare fan Sven Kramer is in dream foar in hiel soad bern, want wa wol dat no net? Troch in gearwurking fan Kramer mei KPN moat dy dream foar in generaasje bern útkomme. Troch de mylde winters yn ús lân leit der hieltyd minder natueriis. Dat betsjut dat bern it riden net mear efter de âlderwetske keukenstoel leare. Dêrom ûntwikkelje Kramer en KPN in spesjale stoel, dy't de kommende jierren op alle iisbanen te finen wêze moat.

Yn de stoel sitte sensoaren, dêr't de bern de hannen op lizze kinne en fia in lûdsprekker klinkt de stim fan Sven mei oanwizingen om it reedriden ûnder de knibbel te krijen. En wa wit, hat de Sven Kramer fan de takomst it riden dan efter dizze stoel leard.

Trefwurden: 
reedriden stoel Sven Kramer KPN
(advertinsje)
(advertinsje)