De Groot kening yn Stiens

10 jun 2012 - 18:39

De frijeformaasjepartij yn Stiens is in proai wurden foar it partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Pier Piersma. Se wûnen mei 5-1 en 6-6 fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. It wie de earste oerwinning fan it seizoen foar De Groot, dy't yn Stiens ta kening útroppen waard.

De partij yn Stiens begong mei in ferrassing, doe't de grutte favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger al yn de earste omloop útskeakele waarden troch it partoer fan Site Ferwerda dat de lytse preemje pakte.

(advertinsje)
(advertinsje)