Archeologen dogge bysûndere fynst yn sintrum fan Grou

18 jan 2018 - 16:28

Archeologen hawwe yn Grou in grêf út de betide midsiuwen fûn. It bonkerak is yn in útholle beamstam bedobbe en leit yn noard-súdlike rjochting. Dat soe betsjutte dat it om in net-kristlik grêf giet. By it fuottenein binne stikken lear fan de skuon fûn, mar fierder neat.

De fynst is dien op it Halbertsmaplein yn it sintrum fan Grou. Dat plein wurdt werynrjochte en dêrom wurdt der op dat plak boaiemûndersyk dien. De archeologen sykje yn de oerbliuwsels fan de terp fierder nei mear fynsten.

(advertinsje)
(advertinsje)