Mooglik opnij protestantske tsjerke ticht yn Dokkum

18 jan 2018 - 16:19

Yn Dokkum binne der plannen om noch in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente te sluten. It soe gean om De Herberg of De Fontein. Earder giene al twa fan de fiif protestantske tsjerken yn de stêd ticht. De Grutte of Sint Martinustsjerke fan Dokkum bliuwt fanwege syn monumintale status bûten skot.

Problematyske finânsjes binne de foarnaamste reden foar sluting, sa docht bliken út ûndersyk fan de Protestantse Gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens. Nije wike moandei is der in parsekonferinsje oer de tsjerkesluting.

(advertinsje)
(advertinsje)