Europeeske delegaasje komt nei iepening Kulturele Haadstêd

18 jan 2018 - 15:47

Fertsjintwurdigers út seis Europeeske regio's en lannen binne nije wike te gast by de iepening fan Kulturele Haadstêd. It giet minsken út Malta, de Faeröer eilannen, Wales, Spaansk Baskelân, Sleeswijk-Holstein yn Dútslân en Galway yn Ierlân.

Sy dogge mei oan in miny-konferinsje oer taal en kultuer. Ek sjogge se by Holwert oan See, Tresoar en it taalpaviljoen Obe. Kommissaris fan de Kening Brok hat it selskip útnûge. Hy wol se faker treffe, om kennis mei elkoar te dielen op it mêd fan taal, kultuer en oare terreinen.

(advertinsje)
(advertinsje)