Frysk sukses Iepen NK swimmen

10 jun 2012 - 17:55

De Fryske swimmers fan RTC Drachten en Orca út Ljouwert hawwe dit wykein by it Iepen NK Swimmen yn Amsterdam in grut oantal medaljes mei nei hûs naam. Yn ôfwêzigens fan de grutte nammen by de froulju pakte Saskia de Jonge, swimster fan Drachten, it goud op de 100 meter frije slach. Annemarie Worst fan Orca liet op de 100 meter rêchslach de konkurrinsje fier efter har.

By de manlju wie Sebas van Lith fan RTC Drachten de bêste op de 400 meter wikselslach. It goud op de 200 meter skoalslach wie in proai foar klupgenoat Stefan Hazeleger.

By de junioaren wie Cynthia Verkaik út Damwâld oppermachtich. It 15-jierrige talint fan Orca pakte mar leafst trije gouden medaljes. Se wie de rapste op de 200 meter flinterslach, 50 meter skoalslach en 400 meter wikselslach. Evelien van Ruiten pakte it sulver op de 1500 meter frije slach.

By de jonges wie Erik Nijholt fan Donkerbroek suksesfol. Hy pakte brûns op 'e 400 meter frije slach en sulver op 'e 200 meter frije slach.

Trefwurden: 
Amsterdam swimmen Iepen NK
(advertinsje)
(advertinsje)