Man moat finzenis yn nei stellen fan kezinen yn Drachten

18 jan 2018 - 15:31

In man út Grins hat in finzenisstraf fan twa moannen krigen omdat er op in bouterrein yn Drachten alve splinternije kezinen, ynklusyf doarren, stellen hat. De fertochte seit dat er in opdrachtjouwer hie, mar hy wol net sizze wa. De man hie se dêrnei ferkocht oan ien út Aldeberkeap. Dy hie de kezinen op Marktplaats set, wêrtroch't se wer weromfûn waarden.

De Grinzer hat in lang strafblêd en siet noch yn in proeftiid. Dêrom moat er njonken de twa moannen sel, ek noch in âlde straf ûnder betingst fan twa wiken útsitte.

(advertinsje)
(advertinsje)