Frou mei scootmobyl yn sleat

10 jun 2012 - 17:15

In frou rekke snein yn Ljouwert mei har scootmobyl yn in sleat oan de Holstmeerweg. Neffens de frou hie se in fout makke by it stjoeren. De brânwacht wie der gau by en helle de frou út it wetter. Se is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De scootmobyl is mei in tou út de sleat lutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)