Finzenisstraf foar Ljouwerter nei lûken mes yn supermerk

18 jan 2018 - 14:31

In man út Ljouwert moat trije moannen de finzenis yn omdat er in meiwurker fan in supermerk yn de stêd mei in mes bedrige hat. De man hie in tas mei boadskippen meinaam dy't in oare klant even ûnbeheard achterlitten hie. De supermerkmeiwurker spruts de man dêr op oan. De fertochte waard doe agressyf, rôp dat er de meiwurker delstekke soe en helle in mes foar it ljocht.

Op de sitting ûntkende de fertochte dat er in mes lutsen hie. In tsjûge dy't dat befêstigje koe, kaam net opdaagjen. De man út Ljouwert gie nei syn feroardieling fuortendaliks yn heger berop.

Trefwurden: 
finzenisstraf supermerk mes
(advertinsje)
(advertinsje)