Leararen basisûnderwiis stake opnij

© Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Basisskoallen yn Fryslân smite woansdei 14 febrewaris de doarren ticht. De masters en juffen stake dan opnij. Se fine dat minister Arie Slob fan ûnderwiis net genôch maatregels nimt om de wurkdruk yn it ûnderwiis te ferlichtsjen. Ek binne se net tefreden oer de salarissen. Yn Grinslân en Drinte stake leararen dizze dei ek.
Foarige moanne leine tsientûzenen ûnderwizers yn it basisûnderwiis it wurk del út protest tsjin de hege wurkdruk en de lege salarissen.