Stoarm soarget ek yn Fryslân foar problemen

18 jan 2018 - 13:04

De swiere stoarm fan tongersdei soarget ek yn Fryslân foar problemen, mar it is net sa slim as yn de rest fan it lân. Sûnt tongersdeitemoarn jildt koade oranje yn de provinsje, en koade read yn it Iselmargebiet. Dat soarget foar in soad skea en ûngemakken yn it ferkear, mar grutte kalamiteiten hat it noch net opsmiten. Der binne gjin meldingen dat der yn de provinsje minsken ferwûne rekke binne. De hurdste wynstjitten waarden by Starum metten mei 115 kilometer yn 'e oere.

Stoarmskea

De brânwacht is tongersdei fyftjin kear útriden yn ferbân mei stoarmskea. Yn Starum waaide it dak fan in wenning. Ek wie der skea oan huzen en flats yn Wolvegea, De Rottefalle en Ypekolsgea. Yn Snits waaide in grutte beam om op de Hemdijk. De strjitte waard koarte tiid ôfsletten foar ferkear.

Ferkear

It ferkear hie ek hinder fan de stoarm. Sa waaide in frachtwein mei oanhinger om op de Wâldwei by Wurdum. NS lei it treinferkear stil tusken It Hearrenfean en Zwolle. Arriva lit de bussen en treinen foarearst wol trochride.

De feartsjinst tusken Harns en Flylân en Skylge fart mei in fertraging fan gemiddeld in oere. Dat meldt rederij Doeksen. Wagenborg fart noch wol gewoan nei It Amelân en Skiermûntseach.

Koade read

Yn grutte parten fan it lân jildt koade read. Yn Fryslân is it koade oranje, oant yn alle gefallen ien oere tongersdeitemiddei ien oere. Neffens waarman Piet Paulusma is it hichtepunt fan de stoarm no foarby yn Fryslân. Wol lûke der tongersdeitemiddei noch in tal stoarmbuien oer de provinsje, mei hurde wynstjitten.

Folgje it lêste nijs oer de stoarm yn ús liveblog.

Trefwurden: 
stoarm koade Oranje
(advertinsje)
(advertinsje)