Vitens spilet yn op fergrutte fraach nei drinkwetter

© Omrop Fryslân
De fraach nei drinkwetter groeit yn Fryslân flugger as yn oare provinsjes dêr't wetterbedriuw Vitens leveret. Om dy reden hat Vitens de drinkwetterkapasiteit fan ien fan de produksjelokaasjes yn Fryslân útwreide. It giet hjir om dy yn Noardburgum.
Troch de útwreiding kin Vitens yn Noardburgum de kommende tsien oant fyftjin jier, elk jier twa miljoen kubike meter ekstra drinkwetter leverje. Dêrmei produsearret de Noardburgumer lokaasje yn totaal jierliks fjirtjin miljoen kubike meter oan drinkwetter.
Dat de fraach yn Fryslân omheech gien is, komt neffens it wetterbedriuw ûnder oare troch de oanlûkende ekonomy.