Plannen foar grut sinnepark op It Hearrenfean

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
Der binne plannen om 25.000 sinnepanielen oan te lizzen oan de Omweg op It Hearrenfean. De firma Heerenveen Energy Park hat dêrfoar yntusken in fergunning oanfrege en de gemeente wol der graach oan meiwurkje. It sinnepark moat op termyn 1.700 húshâldens fan elektrisiteit foarsjen.
It is de bedoeling om it sinnepark sa goed mooglik yn it lânskip oan te passen. Sa binne der plannen om in griensingel oan te lizzen tusken it sinnepark en de hûzen oan de Omweg. De fergunningsoanfraach leit fan tongersdei ôf seis wiken op besjen.