Van der Veen pakt tredde winst

De haadklasse frije formaasjepartij yn Huzum is snein wûn troch it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Lykas foarige wike yn Winsum waard yn de finale wûn fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra, mei 5-4 en 6-4. It is de tredde winst fan it seizoen foar it partoer fan Van der Veen. De lytse preemje wie foar Nelie Steenstra, Romy van der Veen en Harmke Siegersma.