Taalgame om Ljouwert better kennen te learen

18 jan 2018 - 11:37

Der is in nije game oer Ljouwert dy'tst op dyn smartphone spylje kinst: Us lân fan taal. De game giet oer taal en is tagelyk in moai spultsje dêr'tst punten mei skoare kinst. Dat makket it oantreklik, it liket wol wat op Pokémon.

It is ûntwikkele yn opdracht fan de Afûk en de Fryske Akademy mei it doel jongeren te ynteressearjen foar taal. It ûntwerp komt fan game-ûntwikkeler Grendel Games yn de Blokhúspoarte. De game wurdt tongersdeitejûn lansearre by it nije gebou Obe op it Aldehoustertsjerkhôf.

Punten skoare

It wurket sa: troch hiel Ljouwert binne punten ferstoppe dêr'tst mei in tal wurden in histoarysk of kultureel ûnderwerp omskriuwe moatst. It lestige is om dy wurden te betinken, en oare leden fan dyn team út te lizzen watsto dêrmei bedoelst. As dat goed giet, krije beide spilers punten. De game is te downloaden op iPhone en Android.

(advertinsje)