NS leit treinferkear stil, Arriva rydt foarearst wol

18 jan 2018 - 11:22

De bussen en treinen fan Arriva bliuwe yn Fryslân foarearst gewoan riden. Dat meldt it ferfierbedriuw tongersdeitemoarn. Nettsjinsteande de stoarm, is de situaasje op de diken en it spoar feilich genôch.

De NS leit it treinferkear wol stil, ek yn Fryslân. De treinen dy't noch ûnderweis binne, ride troch nei de einbestimming. Dêrnei komme de treinen it spoar net mear op.

Feartsjinst

De feartsjinst tusken Harns en Flylân en Skylge fart mei in fertraging fan gemiddeld in oere. Dat meldt rederij Doeksen. Wagenborg fart noch wol gewoan nei It Amelân en Skiermûntseach.

Kassen

Neffens boere-organisaasje LTO dogge glêstúnboubedriuwen der goed oan om meiwurkers op dit stuit net yn de kassen wurkje te litten.

Folgje it lêste nijs oer de stoarm yn ús liveblog.

(advertinsje)
(advertinsje)