'Keaper' nijbouhûs Bitgum net bliid mei plan boubedriuw Lont

Boubedriuw Lont driget in seistal noch te bouwen huzen yn Bitgum te ferkeapjen, wannear't der binnen in healjier net genôch keapers harren melde foar de nije wenten oan It Tiltsje. Lont soe se dan oan in private ynvestearder ferkeapje wolle. Dy ynvestearder soe der hierwenningen fan meitsje wolle, dat wylst der foar ien hûs al in konsept keapkontrakt tekene is.
Siebert de Ruiter tekene sa'n kontrakt en "wie ferbjustere" doe't er hearde fan de plannen fan Lont. "It is in kompleks ferhaal", seit De Ruiter. "Ik tocht doe't ik it kontrakt yn augustus tekene: ik ha in prachtich hûs, mar healweis oktober seach ik it projekt net mear op ynternet stean. Wat is hjir oan de hân, tocht ik doe."
De Ruiter hâldt him oan it kontrakt en hopet der mei Lont út te kommen. Mochten binnen in healjier minimaal fiif fan de seis wenten ferkocht wurde, dan wurde de keapwenningen gewoan boud, sa sei direkteur Jetze Lont fan boubedriuw Lont.