Hearrenfean is earste 'demintensfreonlike gemeente'

18 jan 2018 - 10:18

De gemeente Hearrenfean is de earste "dementievriendelijke gemeente" fan Fryslân. Wethâlder Jelle Zoetendal naam dat predikaat yn ûntfangst fan Loek Punt fan Alzheimer Nederland. De gemeente hat de lêste jierren in soad foarljochting jûn oer demintens. Ek bedriuwen en baly-personiel fan de gemeente sels binne traind yn hoe't sy omgean kinne mei minsken mei demintens.

Yn de gemeente Hearrenfean binne yn ferhâlding in soad minsken mei demintens, as je dat fergelykje mei oare gemeenten. Dat komt trochdat der yn de gemeente nochal wat fersoargingshûzen stean.

Trefwurden: 
demintens Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)