Fytster komt om by Damwâld
In 77-jierrige frou op de fyts is sneintemiddei by Damwâld om it libben kommen. Op de Doniawei kaam se yn botsing mei in auto. De fytster is op it plak ferstoarn. De helptsjinsten binne oproppen.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. Dat wurdt troch Buro Ferkearsûngefallen-analyze ûndersocht.