'Slechte Dijk' yn Terherne krijt nije namme

18 jan 2018 - 09:20

De namme 'De Slechte Dijk' docht tinken oan in strieminne dyk dy't seewetter net goed tsjinhâlde kin. Mar dat is it net. De Slechte Dijk is in ferkearde oersetting fan it Fryske 'Slachtedyk', de namme fan in âlde dyk yn Terherne. Wa't de flater eartiids makke hat is net dúdlik, mar de dyk krijt meikoarten wol in nije namme. Pleatslik Belang Terherne soarget derfoar dat it paad no De Nije Slachtedyk hjitte sil.

It paad fan de Heerenzijlbrug oant de Jongebuorren yn Terherne hjit no noch De Slechte Dijk op kaarten, plattegrûnen en navigaasjesystemen. Dizze namme is net offisjeel fêststeld. Yn de 12e en 13e iuw is de wetterkearing oanlein en krige doe de namme 'Slachtedijk'. Troch in stiging fan de seespegel yn de iuwen dêrnei hat de nije wetterkearing yn 1883 de namme 'Nieuwe Slachtedijk' krigen. Dêrom is der no foar keazen om it paad no offisjeel De Nije Slachtedyk te neamen.

Der kin noch beswier makke wurde tsjin de nije namme, mar Pleatslik Belang Terherne ferwachtet net dat dit barre sil.

(advertinsje)
(advertinsje)