Liveblog: Koade oranje fanwegen hurde wynstjitten

18 jan 2018 - 12:22

It KNMI hat koade oranje ôfjûn foar Fryslân. Dat is fanwegen it gefaar troch hurde wynstjitten. Neffens it KNMI kinne dy wynstjitten út it westen oant noardwesten in krêft hawwe fan tusken de 100 en 120 kilometer yn 'e oere. It waaralarm jildt fan njoggen oere tongersdeitemoarn oant ien oere tongersdeitemiddei. Dêrnei jildt noch koarte tiid koade giel, mar dêrnei wurdt de situaasje wer normaal, sa tinkt it KNMI.

Iselmargebiet koade read

Foar it Iselmargebiet jildt koade read. Dêr kinne wynstjitten foarkomme fan 110 oant 130 kilometer yn 'e oere, mei lokaal mooglik sels 140 kilometer yn 'e oere. Minsken wurde warskôge it wetter net op te gean.

Folgje hjoed ús liveblog om op 'e hicthe te bliuwen fan de stoarm. Brûkers fan in iPhone en iPad kinne de blog hjir sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)