Van Gerner wint opnij op brêge

10 jun 2012 - 16:31

Turnster Céline van Gerner hat by de Challenger Cup yn it Belgyske Gent de finale op it ûnderdiel brêge wûn. De turnster fan turnskoalle Hearrenfean sette in goeie oefening del, wêrmei't se útkaam op 14,950 punten. Marta-Pihan Kulesza út Poalen waard twadde. De Sweedse Ida Gustafsson pakte de brûnzen medalje.

Yn de finale op it ûnderdiel balke kaam Van Gerner net fierder as it fyfde plak.

Lisa Top soarge by de froulju foar in ferrassing troch op de flier it sulver te pakken. It 15-jierrige talint pakte foarige wike yn Maribor al it brûns.

(advertinsje)
(advertinsje)