Wurkleazens bot weromrûn yn Fryslân

De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrûne jier bot weromrûn. Dat docht bliken út sifers fan útkearingsynstânsje UWV. Troch de oanhâldende ekonomyske groei ferlieze minder minsken harren baan en fine WW'ers faker wurk. Dat jildt foar alle sektoaren. Benammen yn de bou en de soarch is mear wurk.
Ein desimber hiene goed 13.700 Friezen in WW-útkearing. Dat is goed 4 persint fan de beropsbefolking. Yn fergelyk mei desimber 2016, is it tal Friezen mei in WW-útkearing mei goed 24 persint ôfnaam. It UWV ferwachtet dit jier in fierdere delgong fan it tal wurkleazen.