UPDATE: Treinen tusken Wolvegea en It Hearrenfean ride wer

18 jan 2018 - 10:59

De treinen tusken Wolvegea en It Hearrenfean ride wer. Tongersdeitemoarn betiid rieden der gjin treinen fanwegen in oanriding by it stasjon fan It Hearrenfean. De stremming duorre oant alve oere. De NS sette stopbussen yn tusken Stienwyk, Wolvegea en It Hearrenfean. Ek rieden der snelbussen tusken Stienwyk en It Hearrenfean.

Trefwurden: 
trein NS fertraging oanriding
(advertinsje)
(advertinsje)