Kollum: "Hotels"

"Bêste Friezen. Sterkte.

It is 2018 en dan is Ljouwert Kulturele Haadstêd. Wêrfan wie ik alwer ferjitten, mar dat is fan Europa. Dat begjint yn Ljouwert mei in iepening op 26 jannewaris, dus de earste moanne fan dat kalinderjier is dan al sa goed as foarby. Ek is op de webside te lêzen dat novimber al de lêste moanne fan it kulturele jier is. Dus einliks is it mar 80 persint fan dit jier 'Kulturele Haadstêd'. Mar it giet net om de kwantiteit, it giet om de kwaliteit. Nee, dat is ek net hielendal wier; it giet ek oer kwantiteit. Kwantiteit foar hoteleigeners.

Fansels wol Ljouwert, of einliks hiel Fryslân, der goed op stean. Yn it bidbook, wêrmei't Ljouwert de titel wûn, is te lêzen dat toeristen wilens 'Kulturele Haadstêd' yn totaal 79 miljoen euro ekstra útjaan sille. Der komme 1.950 ekstra banen by, wêrfan't 580 permanint wêze sille.

De provinsje hie yn 2014 neffens dat bidbook sa'n 10.000 hotelbêden - even ôfsjoen fan de eilannen. Om de miljoenen besikers te akkommodearjen, moatte der al wat bêden by komme. 13 persint ekstra. Dus dat binne 1.300 bêden, en, sa seit it bidbook ek, 850 dêrfan bliuwe permanint. Dat betsjut dus: nije hotels yn Fryslân. Sukses.

No wol it gefal dat ik hjir yn Amsterdam yn in diel fan 'e stêd wenje dêr't de ôfrûne tiid in protte ekstra hotelbêden by kommen binne. It sintrum fan dizze stêd spat hast útinoar troch de drokte mei toeristen, dus ha slimme koppen betocht dat se Amsterdam 'grutter' meitsje wolle. Dus sa komt it dat Zandvoort 'Amsterdam Beach' hjit, en Bataviastad bij Lelystêd 'Amsterdam Outlet'.

Mar sa komt it dus dat ek buerten krekt bûten it sintrum no mear toeristen krije. Rjochts fan it gebou dêr't ik wenje is in âld pân hielendal opknapt en in hotel wurden; lofts fan my is in gebou hielendal ôfbrutsen en opnij opboud no ek as hotel. Hotels ha wat neidielen. De minsken dy't der ferbliuwe, ha neat mei dizze buert te krijen. Dus in papierke mear as minder op strjitte kin harren net safolle skele. Sa kaam it dat in pear klootviolen út it hotel rjochts bûten stoned mei in stien oan it hin en wer goaien wiene, in spultsje dat einige doe't dy stien it efterrút fan myn auto rekke. Fansels lieten se gjin briefke efter mei kontaktgegevens, en it hotel levere my al wat ûndúdlike kamerabylden, mar hoe aardich it personiel ek wie, se koene my net fierder helpe. It makke my al wat boas.

It hotel oan de oare kant liet ûnder de ferbouwing in joekel fan in masine yn 'e binnentún takelje. Ik miende te sjen dat it in airco-ynstallaasje wie, en krûpte op in jûn tusken de konifearen troch om te sjen wat it no presys wie. It die bliken dat it yndied om in klimaatynstallaasje gie, fan inkelde tsientûzenen Watt. Op ynternet fûn ik út wat foar lawaai soks makket, en dat wie enoarm. Gjin fatsoenlik minske soe soks yn syn eigen tún sette. Mar ja, dêr ha hoteleigeners neat mei te krijen fansels. In fergunning wie der net oanfrege; feitlik probearren se it gewoan. En it ferfolch wie in oersaai mar tige needsaaklik konflikt tusken de gemeente en it hotel, spitigernôch op ynstigaasje fan my. En ik fyn it strontferfelend om sa'n buorman te wêzen, mar je moatte der dus boppe op sitte. Oars dogge je gjin each mear ticht.

En leau it of net, mar no hat twa wiken lyn it hotel oan de oare kant itselde grapke flikt mei in klimaatynstallaasje yn ús binnentún. Se balten ús it bêd út. Se steane no út, mar hoe lang of dat duorret wit ik net. Ek no wer: in konflikt tusken it hotel en de gemeente, wêrby't ik wér de boaze buorman wêze mei.

Ik winskje jimme yn Fryslân dan ek in protte sterkte mei dy ekstra bêden en hotels yn 'e provinsje. Myn tip as it yn 'e buert bart: stel fia overheid.nl in e-mail alert yn foar fergunningoanfragen yn 'e buert, en hâld dêrnjonken jimme nije buorlju goed yn 'e gaten. Want hoteleigeners sliepe mar selden yn harren eigen hotel."

18 jan 2018 - 7:29
(advertinsje)