VC Snits ferliest earste heale finale yn bekertoernoai

18 jan 2018 - 07:13

De finale fan it bekertoernoai is noch fier fuort foar de follybalsters fan VC Snits. Se ferlearen woansdeitejûn yn Vroomshoop de earste heale finalewedstriid fan Eurosped. It waard 3-1 foar Eurosped, nei de setstannen 17-25, 26-24, 25-9 en 25-21. It wurdt noch in hiele toer foar de Snitsers om de finale te heljen. As Snits de twadde wedstriid mei 3-0 of 3-1 wint, folget der in 'golden set' om te bepalen wa't trochgiet nei de finale.

Yn de oare heale finale wûn Sliedrecht Sport mei 3-1 fan Alterno. De returns wurde spile op 31 jannewaris.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)