Keamerleden genietsje fan Frysk iten yn paviljoen LF2018

17 jan 2018 - 22:56

It diner fan Kulturele Haadstêd Ljouwert op it Plein yn Den Haag luts woansdeitejûn mar leafst santjin Twadde Keamerleden en ien steatssekretaris,Tamara van Ark. Sy krigen in fegetarysk diner fan hast allinnich Fryske yngrediïnten en fierder ferskate presintaasjes fan Kulturele Haadstêd en in live optreden fan Nynke Laverman.

De provinsje wie tige te sprekken oer de belangstelling fan de Keamerleden. De middeis wie dy belangstelling foar it Ljouwerter paviljoen lytser, omdat doe Twadde Keamerlid Emile Roemer fan de SP ôfskied naam. Njonken Keamerleden wiene ek in soad Fryske bestjoerders, Steateleden en meiwurkers fan Kulturele Haadstêd by it itentsje.

Goede yndruk

Neffens direkteur Tjeerd van Bekkum fan Kulturele Haadstêd is de twadeiske manifestaasje yn Den Haag goed slagge. Der is ek oerlein mei de keamerkommisje fan Kultuer. Kulturele Haadstêd Ljouwert makke dêr in goede yndruk.

Ferskate Keamerleden joegen oan dat se yn de rin fan it jier nei Ljouwert reizgje sille, om ien of mear ûnderdielen fan Kulturele Haadstêd mei te meitsjen. Oan de ein fan it jier wurdt fierder praat. It sil dan gean oer it trochsetten fan guon ûnderdielen fan it programma, mar ek oer in bettere sprieding fan kultuerjilden oer hiel Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)