Goud foar Epke yn rekfinale

10 jun 2012 - 16:23

Turner Epke Zonderland hat snein by de Challenger Cup turnjen yn Gent goud wûn op it ûnderdiel rek. Yn de finaleoefening turne Zonderland nei in skoare fan mar leafst 16,400 punten. It sulver wie foar de Sinees Rongbing Liu mei 15,325 punten. It brûns gong nei de Wyt-Rus Alaksandr Tsarevich mei 14,800 punten.

Op de finale op it ûnderdiel brêge pakte Zonderland earder al it sulver mei in persoanlik rekôr fan 15.800 punten. It goud wie foar Pham Phuoc Hung út Fjetnam, mei 15,925 punten. Rongbing Liu waard tredde mei 15,575 punten.

Epke Zonderland is no wis fan syn dielname oan de Olympyske Spelen yn London fan 't simmer.

(advertinsje)
(advertinsje)