Rekôr oantal bisten opfongen by Fûgelhelling yn 2017

17 jan 2018 - 21:37

Yn totaal binne der it ôfrûne jier 7.554 bisten by De Fûgelhelling yn Oerterp brocht. Dat is in nij rekôr neffens de biste-opfang. Fierwei it grutste part fan de bisten binne fûgels, mar der binne ek hast tûzen sûchdieren brocht, lykas stikelbarchjes, hazzen en marters.

Neffens foarsitter Henk Marinus fan De Fûgelhelling binne der trije redenen, wêrom't der hieltyd mear bisten brocht wurde. "Us namme wurdt hieltyd bekender, minsken jouwe mear om de natuer as eartiids en de diere-ambulânse wit ús goed te finen."

Mear jild nedich

Omdat der hieltyd mear frege wurdt fan De Fûgelhelling, is der neffens Marinus ek mear jild nedich. "Wy sitte krap yn ús fel en der is útwreiding nedich." Der is benammen ferlet fan strukturele ynkomsten, wêrtroch't der mear personiel oannaam wurde kin. Op dit stuit is de gemeente Súdwest-Fryslân de iennige gemeente yn de provinsje, dy't De Fûgelhelling jierliks finansjeel stipet. De provinsje en oare gemeenten jouwe neat.

(advertinsje)
(advertinsje)