Arriva makket him op foar iepening Kulturele Haadstêd

17 jan 2018 - 21:21

Ferfierbedriuw Arriva makket him op foar it iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd op 26, 27 en 28 jannewaris. De bus- en treinmaatskippij is al moannen drok dwaande mei de tariedingen derfoar. "Nije wike is de earste testcase foar ús", fertelt Arriva-direkteur Anne Hettinga.

Der wurde minimaal tachtich bussen ekstra ynset en de treinen wurde langer makke. Mar dat is net it iennige neffens Hettinga. "We sette ek ekstra minsken yn om elkenien nei de stêd ta en út de stêd wei te begelieden."

(advertinsje)
(advertinsje)