Weening 6e yn slotrit Dauphiné

10 jun 2012 - 16:11

Pieter Weening hat it Critérium du Dauphiné snein ôfsletten mei in sechsde plak yn de einetappe. Dêrmei einiget er as 11e yn it einklassemint. De sege yn de berchetappe wie foar de Spanjaard Daniel Moreno, dy't syn lângenoat Luis Leon Sanchez krekt foarbliuwe koe. Cadel Evans waard tredde.

De einoerwinnig gong lykas foarich jier nei de Brit Bradley Wiggins. Lieuwe Westra út 'e Tynje hie in wichtige rol yn de slotetappe. Hy siet lang yn de kopgroep, mar moast yn de ôfdaling belies jaan. Westra kaam úteinlik as 39e oer de streek.

(advertinsje)
(advertinsje)