Projekten Iepen Mienskipsfûns presintearre

17 jan 2018 - 21:03

De minsken út de streek om de Turfrûte hinne, yn Súdeast-Fryslân, wolle mear omtinken foar de farmooglikheden fan it gebiet. Se presintearren woansdei harren plan op in byienkomst fan it provinsjale Iepen Mienskipsfûns yn Hoarnstersweach. Ynwenners dy't de leefberens yn harren wyk, doarp of regio ferbetterje wolle, koene dêr harren ideeën presintearje. 

Tusken 2016 en 2019 is der hast 16 miljoen euro beskikber foar projekten yn de provinsje. De Turfrûte wol dêr fan meiprofitearje. In groep minsken wol kommende simmer mei âlde skippen fan Appelskea nei Ljouwert farre.

Ek Pleatslik Belang Mildaam wol kâns meitsje op it provinsjale subsydzjejild. Neffens foarsitter Wiebe Nijlensing moatte der nije moetingsplakken komme yn it lânskip by Mildaam, Ketlik en Bontebok. Dy moatte de foarm krije fan plussen.

(advertinsje)
(advertinsje)