Fryske pommeranten meitsje Den Haag waarm foar LF2018

It provinsjebestjoer, de gemeente Ljouwert en de direksje fan Ljouwert-Fryslân 2018 binne woansdei allegearre nei Den Haag gien, om yn petear te gean mei Keamerleden en bestjoerders. Dat diene se oan de hân fan de projekten, dy't der dit kulturele jier op steapel stean yn Fryslân. Neist de yngong fan de Twadde Keamer is op it Plein in grutte tinte delset, it saneamde LF-2018 paviljoen, dêr't de Fyske pommeranten de Haachske politisy fol ferwachting opwachten.
It barren is organisearre troch de provinsje en dêr makke de organisaasje fan Kulturele Haadstêd tankber gebrûk fan. De organisaasje is tefreden oer it tal politisy dat nei de Ljouwert-Fryslân tinte kaam. Sa kamen bygelyks steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken en minister Arie Slob fan Underwiis efkes del.
De dei wurdt woansdeitejûn ôfsletten mei in itentsje yn de tinte. Mei fansels in Frysk menu.