Ariëns rapste yn Vlissingen

© awfoto.nl
Skeelerneur Crispijn Ariëns út Wolvegea is sneon mei oermacht earste wurden by de KPN Inline Cup yn Vlissingen. De grutte favoryt demarearre al yn de twadde omloop, wêrnei't de konkurrinsje letterlik it neisjen hie. Ploechgenoaten Jouke Hoogeveen, oarspronklik út Drylts en Erwin Mesu út Middelburg waarden twadde en tredde.
By de froulju wienen de Belgyske rydsters oppermachtich. De oerwinning op it winich parkoers gong nei Europeesk maratonkampioene Nele Armée. Stien Vanhouten waard twadde, Hilde Goovaerts einige as tredde.