MOA makket strjitten yn Achtkarspelen skjin

17 jan 2018 - 17:43
Foto: Omrop Fryslân

De smoargens dy't op strjitte en yn de boskjes yn Achtkarspelen leit, wurdt de kommende fiif jier opromme troch de stichting Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen (MOA). By dy stichting wurkje minsken dy't op in oare wize net maklik oan de slach komme kinne. Doel is dat sy op 'en doer wer in fêste baan fine.

De stichting krijt foar it opheljen fan it smoargens in eigen elektrysk autoke en rydt dêrmei ferskate rûtes. De MOA hat sels ûndersocht op wat foar plakken yn Achtkarspelen de meast smoargens te finen is.

Trefwurden: 
MOA Achtkarspelen
(Advertinsje)
(Advertinsje)