Jouster skûtsje kin sa goed as wis wer meidwaan

It Jouster skûtsje, de Oeral Thús, kin dit jier sa goed as wis wer meidwaan oan de striid om it SKS-kampioenskip. Der is oerienkomst mei de kommisje-Amels oer in oanpassing fan it skûtsje, sadat dizze wer meidocht oan de regels fan de orizjinaliteit.
Dit jier waard it Jouster Skûtsje út de kompetysje helle troch in heechoprinnend ferskil fan miening oer dy orizjinaliteit. Skipper Dirk Jan Reijenga fûn dat hy net feilich sile koe, as hy him hâlde soe oan der regels fan de kommisje-Amels. De oanpassing dy't no foarsteld is, is neffens him wol feilich en giet net ten koste fan de faasje. Ek kin it besteande grutseil brûkt wurde. De oanpassingen moatte noch wol presys op papier setten wurde foar beide partijen.
Dat it skûtsje wer meidwaan kin, is belangryk nijs foar de Stichting Skûtsje Haskerlân, de eigener fan it skûtsje. As it skûtsje opnij net meisile kinne soe, soe dat de sponsors en donateurs ûnder grutte druk sette. Troch it ynsidint fan ôfrûne jier is úteinlik mar ien donateur ôfheakke, seit bestjoerslid Van der Valk.