Noed oer taname grutte brannen op boerebedriuwen

17 jan 2018 - 17:27

Brannen by buorkerijen wurde grutter en komme faker foar. Troch skaalfergrutting yn de sektor wurde pleatsen grutter en as it dan mis giet, giet it ek goed mis. En faak komt der dan ek in soad fee by om. Yn polityk Den Haach wurdt der hieltyd lûder oantreaun op aksje, want de soargen oer de brânfeilichheid op agraryske bedriuwen nimme ta. Boerebelange-organisaasje LTO Noord bondelet dêrom de krêften mei de brânwacht. Mei-inoar wolle se besykje safolle mooglik boerebrannen foar te kommen.

Mear as de helte fan de grutte brannen fynt plak op in boerebedriuw. It smyt faak in soad skea op en de risiko's foar bewenners en fee binne grut. Geregeld komme by brannen yn ús lân kij, bargen of oare bisten om yn de flammen. Yn Fryslân wiene it ôfrûne jier 11 fan de 21 grutte brannen op in buorkerij en 2 fan de 4 'hiel grutte' brannen ek. Yn 2016 wiene der 7 fan de 17 grutte brannen op in boerepleats.

(advertinsje)