UPDATE: Lekte sâltsoer liket gjin gefaar foar omjouwing

17 jan 2018 - 16:56

It sâltsoer dat by Omrin yn Aldehaske lekt is, liket gjin gefaar te foarmjen foar de omjouwing. Ut earste mjittings fan de brânwacht docht bliken dat de stof allinne yn in gebou te finen is. Foar de sekerheid wurdt der noch wol yn de omjouwing metten.

It sâltsoer kaam frij doe it misgong by it oerpompen fan de stof fan in tankauto nei in ynpannige opslach. Hoe't dat gebeure koe is noch net dúdlik, de brânwacht hat it lek net fine kind. Dúdlik is al wol dat der gjin minsken ferwûne rekke binne. It personiel is ek út it gebou. It sâltsoer is opfongen yn in lekbak.

(advertinsje)