LIVE: IepenUP oer Donald Trump

17 jan 2018 - 19:00

It is sneon presys in jier lyn dat Donald Trump offisjeel presidint waard fan de Feriene Steaten. Alle dagen is er yn it nijs en it giet lang net allinnich oer syn polityk: it giet oer syn tweets, it ûndersyk nei de Russyske bemuoienis mei de presidontsferkiezings en no ek oer it boek oer de kampanje en de earste moannen yn it Wite Hûs. Wittenskippers, keunstners en sjoernalisten prate dizze wike yn IepenUP oer The Donald. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

De fraach dy't sintraal stiet: wa is benaud foar Donald Trump? Hoe sjogge we hjir nei it presidintskip fan Trump en hoe ha we hjir mei him te krijen? Te gast binne saakkundige Bianca Pander fan kampanjeburo BKB, universitêr dosint Maarten Zwiers, sjoernalist Willem Groeneveld fan Suksawat en teäterselskip Heksenhamer. De jûn wurdt iepene troch operasjonger Sander Boonstra. Muzyk wurdt fierder fersoarge troch rapper Donnie (tapaslike namme), sjongers Timo de Jong en Joop Obama (noch sa'n namme dy't hjir moai by past), metalgitarist Mendel bij de Leij en de Russyske akkordeonist Oleg Lysenko.

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP Donald Trump
(advertinsje)
(advertinsje)