Wurkstraf foar slaan soantsje en plysjeman yn swimbad

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige man út Drachten is feroardiele ta in wurkstraf fan 50 oeren, foar it slaan fan syn soantsje fan 5 jier en it mishanneljen fan in plysjeman. Dat barde by in swimles yn De Welle yn Drachten. De heit sloech syn soan, omdat dy it wetter net yn woe. In plysjeman dy't der privee by wie, seach dat en sei der wat fan.
Letter yn de klaaikeamer gong it opnij mis. De plysjeman pakte de heit doe by de earm, mar dy sloech de plysjeman tsjin syn noas. De Drachtster fertochte hat sels in oar ferhaal. Hy seit dat hy allinnich in tikje oan syn soan útdield hat.
De offisier fan justysje naam de saak heech op en easke in wurkstraf fan 80 oeren. De rjochter naam lykwols mei dat de fertochte gjin strafblêd hie.