Volkerrail wachtet op jild FSM

01 nov 2011 - 10:28

Spoaroannimmer Volkerrail hat de rails foar de stoomtrein by Starum tiisdei fuorthelle, omdat it bedriuw gjin betrouwen hat yn de goeie ôfrin fan it projekt. Volkerrail hat in heal jier wachte op jild fan de Friese Stoomtrein Maatschappij FSM, seit direkteur Tjark de Vries.

De oannimmer tinkt dat de inisjatyfnimmers fan 'e stoomtrein yn grutte finansjele problemen sitte. Direkteur Kooijmans fan de FSM wol foarearst gjin kommentaar jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)