Brûns foar Pijper yn Forssa

10 jun 2012 - 14:40
Theo Pijper

Gersbaanracer Theo Pijper is sneon tredde wurden by de earste WK-wedstriid langbaan yn it Finske Forssa. Jannick de Jong fan 'e Gordyk waard sechsde. De oerwinning gong nei de regearend wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi, dy't de rapste wie op syn thúsbaan. De Tsjech Josef Franc waard twadde.

Dit jier wurdt it WK langbaan ferriden yn in searje fan seis. Snein 17 juny stiet de twadde Grand Prix-wedstriid op it program yn it Noarske Forus. De tredde wedstriid sil plakfine yn Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)