Ald-haadredakteur Rein Tolsma sjueryfoarsitter NL Awards

Rein Tolsma © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ald-haadredakteur Rein Tolsma fan Omrop Fryslân wurdt sjueryfoarsitter fan de NL Awards. Dat binne de jierlikse prizen foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. Hy folget Annette van Trigt op. Yn de sjuery sitte noch njoggen leden. Dat binne ûnder oaren RTL-nijslêzeres Meike de Jong en BNR-haadredakteur Sjors Fröhlich.
Rein Tolsma naam yn novimber fan 2016 offisjeel ôfskied fan de Omrop. Hy wie jierrenlang ek de fêste stim yn jingles en tunes op de radio. Tsjintwurdich presintearret hy op sneintemoarn noch it geastlik fersykplateprogramma Prelude. De prizen wurde dit jier útrikt yn Eindhoven. Dêr wurdt op 4 en 5 april fan dit jier it NL Media Event hâlden. Foarhinne waard sprutsen fan de Roosdagen.
Omrop Fryslân wûn yn 2017 trije NL Awards. Priiswinners wiene Annagreet Miedema mei in radiodokumintêre oer jongeren mei in burn-out, Simone Scheffer mei in reportaazjerige oer in Syryske flechtling en Piter Tjeerdsma mei in dokumintêresearje oer it Frysk hynder.