Niget oan helmen en beskermfesten foar ambulânsepersoaniel

17 jan 2018 - 14:43

Ambulânsefoarsjenning RAV Fryslân sjocht mei belangstelling nei plannen foar in helm en beskermfest foar ambulânsemeiwurkers. Regionale ambulânsetsjinsten wolle maatregels om persoaniel te beskermjen tsjin ekstreem geweld. RAV Fryslân moat noch in beslissing nimme oer de oanskaf fan de persoanlike beskermingmiddels en sjocht kritysk nei de needsaak hjirfan yn Fryslân.

"By guon ynsidinten sa as eksploazjes wurde al helmen brûkt yn Fryslân, mar by bygelyks terroristyske oanslaggen soenen je wolle dat meiwurkers helmen én diggelkearende festen drage kinne", sa seit Sytze Kijlstra fan RAV Fryslân. Dêrnjonken wurdt ynsetten op ynstruksje en training foar ambulânsepersoaniel. Oanlieding is neffens de regionale ambulânsetsjinsten de "algemiene driigjende terreur".

Trefwurden: 
RAV Fryslân beskermfest helm
(Advertinsje)
(Advertinsje)