Boubedriuw wol huzen Bitgum "gewoan bouwe" by genôch keapers

It bouboerd fan Fjildsicht yn Bitgum © Siebert de Ruiter
Mochten binnen in healjier genôch keapers har melde foar de seis nije wenten yn it bouplan Fjildsicht yn Bitgum, dan sil boubedriuw Lont dizze huzen gewoan bouwe. Dat seit direkteur Jetze Lont fan it boubedriuw.
It bedriuw hat hast in jier lang dwaande west om de seis huzen te ferkeapjen, mar der is mar ien keapkontrakt ôfsletten. Lont woe de huzen dêrom ferkeapje oan in private belizzer, dy't dêr hierwenningen yn de frije sektor fan meitsje wol. Mar om't de keaper oan it kontrakt fêsthâldt, moat Lont no in healjier wachtsje. Mochten binnen in healjier minimaal fiif fan de seis wenten ferkocht wurde, dan wurde de keapwenningen gewoan boud.
Tsjin it feroarjen fan de plannen is opskuor ûntstien yn it doarp. Doarpsbelang is derop tsjin om fan de keapwenten hierwenningen te meitsjen. It bestjoer hat oanbean om promoasje foar de keaphuzen te meitsjen.