Jonkhear Cees van Eysinga ferstoarn

17 jan 2018 - 13:44

Jonkhear Cees van Eysinga út Sint-Nyk is tiisdeitenacht ferstoarn. Van Eysinga wie rom tweintich jier lang keamerhear fan de keninginne: earst foar keninginne Juliana, letter foar keninginne Beatrix.

Ek wie er op meardere plakken aktyf as predikant. Van Eysinga wie as bestjoerder belutsen by ferskate organisaasjes, wêrûnder it Frysk Hynstestamboek. Hy wie de oprjochter fan de stichtingen Alde Fryske Tsjerken en Behoud Kerkelijke Gebouwen.

Jonkhear Van Eysinga is 94 jier wurden. Syn frou, Maria van Harinxma thoe Slooten, ferstoar trije jier lyn. Van Eysinga wenne de lêste jierren yn in fersoargingshûs yn Aldemardum.

(advertinsje)
(advertinsje)