Mishannelings by it útgean

10 jun 2012 - 13:57
Foto: Omrop Fryslân

Op ferskate plakken binne sneontenacht mishannelings meld. Yn Harns krige in Harnzer (24) in kopstjit fan in Frjentsjerter (29) dy't oppakt wurde koe. Yn Drachten binne twa manlju út dat plak (26 en 34) oanhâlden om't se in Drachtster (33) mei in glês slein hienen. It slachtoffer is yn it sikehûs behannele. Yn Snits hat in man (29) út dy stêd in útgeansferbod fan 3 moannen krigen nei't er in Dryltser (21) samar yn it gesicht slein hie yn in útgeansgelegenheid oan de Kleine Kerkstraat.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)