Meardere auto's glydzje fan de A6 it wetter yn by De Lemmer

17 jan 2018 - 13:27

Op de A6 by De Lemmer binne woansdeitemiddei twa auto's fan de dyk rekke, nei alle gedachten troch in hagelbui. Beide auto's binne yn it wetter rekke. De helptsjinsten binne yntusken oanwêzich. De ynsittenden fan de auto's binne feilich oan de kant helle. Hoe't it mei se is, is net bekend. Se wurde opfong troch ambulânsepersoniel.

De ôfrit Lemmer op de A6 is ôfsletten. Bergingstjinsten binne noch oan it wurk.

Trefwurden: 
ûngelok De Lemmer A6 glêdens
(advertinsje)
(advertinsje)