Kabinet wol Holland Casino's ferkeapje

Holland Casino yn Ljouwert
It kabinet wol de Holland Casino's oer twa jier ferkeapje. Ek Ljouwert hat in Holland Casino-fêstiging. It foarige kabinet hie al ôfpraat om de kasino's te privatisearjen. It regear sjocht it oanbieden fan kânsspullen net mear as kearntaak fan de oerheid. De tarieding foar de privatisearring fan de kasino's is al begûn. De Earste Keamer moat earst noch wol te set oer it foarstel fan it kabinet.